Pakketsortearders PostNL: wurkdruk te heech, skoft te koart

Sa'n 25 pakketsortearders fan it PostNL-sortearsintrum oan de Brailleweg yn Ljouwert binne fan doel om tongersdeitemiddei aksje te fieren tsjin de - yn har eagen - minne wurkomstannichheden. Se wolle in petysje oanbiede oan de direksje, út namme fan alle 50 útstjoerkrêften dy't yn it sortearsintrum wurkje. Sy hawwe der skjin harren nocht fan dat se alle dagen swiere pakketten tille moatte mei te min minsken.
Fakbûn FNV seit dat de wurkdruk oprint en dat it skoft te koart is. Fierder soene de útstjoerkrêften minder lean krije as dêr't se rjocht op hawwe.
"Skynkonstruksje"
Doe't it pakketdepot yn 2013 iepene waard, wurken de sortearders neffens fakbûn FNV fia Randstad. Mar twa jier letter soene sy oergongen wêze nei Tempo-Team en soe de cao net mear neilibbe wurde.
Masja Zwart fan de ôfdieling "hanthavening en neilibjen" fan it fakbûn FNV sprekt fan in skynkonstruksje. Sy fynt dat PostNL besiket om in maksimale winst te heljen oer de rêgen fan de sortearders. De útstjoerkrêften krije neffens it fakbûn in leger oerelean, gjin kompensaasje foar de reiskosten en gjin fêste wurkroasters.
Yn de petysje easkje de meiwurkers it lean dêr't sy rjocht op hawwe, mar ek in skjinne wurkomjouwing, ferleging fan de wurkdruk, goeie wurkklean en in respektfolle behanneling troch de lieding.
Net unyk
Neffens fakbûn FNV is de sitewaasje yn Ljouwert net unyk. Yn Kolham, Amersfoort, Waddinxveen, Dordrecht en Goes soe deselde konstruksje tapast wêze. It fakbûn hat yn Goes, Amersfoort en Waddinxveen al juridyske stappen naam.