Sluting teäterkafee De Oosthoek is mei pine yn it hert

02 maaie 2018 - 15:44

Mei pine yn it hert hawwe de eigeners besletten op te hâlden mei teäterkafee De Oosthoek oan de Aldebiltdyk. De lampen binne al fan it plafond helle, de stuollen oan de kant skood, de teätertechnyk is der ek al út - it beslút stiet fêst. Jierrenlang siet it lytse teäter mei 65 sitplakken samar fol. Bekende Nederlânske artysten as Maarten van Rossem, Wim Daniëls, dichter Jean Pierre Rawie en it duo Joop & Jessica kamen nei Sint-Jabik ta.

Mar dit jier sit de klad der yn, der wurde gewoan te min kaarten ferkocht. En dat hat te krijen mei it grutte teäteroanbod yn de omjouwing, fertelt teäter-organisator Hans Hoitsma. Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd is der safolle te dwaan dit jier, dat it publyk no kiest foar oare aktiviteiten. It teäter dêrom in jier stillizze kin net samar, seit Hoitsma, dan binne jo it fêste publyk ek kwyt. Dus dêrom ha se der foar keazen om it teäterkafee fuortendaliks te sluten.

De foarstellingen dy't al boekt wiene foar dit jier, geane net troch. De Oosthoek bliuwt noch wol bestean. It kafee wurdt faak ôfhierd foar feesten en partijen.

(advertinsje)