LIVE: IepenUP mei Jan Terlouw

Jan Terlouw is te gast by IepenUP! As jongfeint makke er de Twadde Wrâldoarloch bewust mei en ûnderfûn wat it betsjut om tydlik net yn in rjochtssteat te libjen. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten en meisjen kin fansels ek online fan 20.00 oere ôf fia de livestream hjirboppe.
Jan Terlouw is skriuwer en âld-politikus. Yn de jierren '70 wie er foar D66 lid fan de Twadde Keamer en dêrnei minister fan Ekonomy, kommissaris fan de Keninginne yn Gelderlân en senator yn de Earste Keamer. Neist syn politike karriêre, skreau er mei in soad sukses berneboeken lykas 'Koning van Katoren', 'Briefgeheim' en 'Oorlogswinter'. Ek skreau er mei syn dochter Sanne detectives. Ein 2016 hold er yn it tv-programma 'De Wereld Draait Door' in pleit foar mear ûnderling fertrouwen, syn 'touwtje uit de brievenbus' makke in soad yndruk.
Diskusje, optredens, lêzingen, fideos en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei syn allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.