Waadkampus op It Amelân wurdt nije wike iepene

02 maaie 2018 - 14:41

De nije Waadkampus yn it natuersintrum op It Amelân wurdt nije wike tiisdei offisjeel iepene. Dat bart troch deputearre Klaas Kielstra en boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân. Yn de kampus kinne studinten ûndersyk dwaan op it mêd fan bygelyks natuer, enerzjy, wetter en duorsum toerisme. Dêrfoar binne spesjale wurkromtes yn it natuersintrum ynrjochte.

De Waadkampus wie in skoftlang in polityk gefoelich tema op it eilân. De kampus soe komme yn in gebou oan de Rixt van Doniastrjitte, dêr't earder ek it VVV-kantoar wie. Letter kaam it natuersintrum yn Nes yn byld. In tal studinten hat al fan de fasiliteiten gebrûk makke.

Trefwurden: 
Waadkampus It Amelân
(advertinsje)
(advertinsje)