Suskes Jasper yn foarseleksje Nederlânsk follybalteam

Hester Jasper © awfoto.nl
De suskes Marrit en Hester Jasper binne opnaam yn de foarseleksje foar it Nederlânske follybalteam. Foar Hester is it de earste kear. Hester is noch mar 16 jier en is fan alle spylsters de iennige spylster dy't spilet yn Nederlân en net by it Talinteteam of yn it bûtenlân. VC Snits is har klup.
Aldere sus Marrit Jasper spile earder ek al by Oranje. De 22-jierrige Marrit spilet no yn Dútslân by Dresden, mar moat wol om in nije klup sykje. Se wie in grut part fan it seizoen blessearre.
De suskes stean op in list fan 26 nammen, wêrfan't der noch wol in tal ôffalt. Nederlân spilet dit jier ûnder oare de Nations League en it WK yn Japan yn septimber en oktober.