Dûkers sykje op de taast en mei sonar yn Frjentsjerter haven

02 maaie 2018 - 14:15

Dûkers fan de marine sykje woansdei al sûnt ein fan de moarn yn de haven fan de Frjentsjerter Wettersportferiening nei de fermiste Dénis Heinen. De 26-jierrige Heinen út Soest ferdwûn yn de nacht fan sneon op snein nei in jûntsje stappen. Hy lei mei syn boat yn de haven oan de Frisia. Nei alle gedachten is hy dêr oerboard slein. Sneintejûn is de plysje ynskeakele. Dy siket sûnt dy tiid nei de fermiste man.

Yn gearwurking mei de wetterplysje en de provinsje is no ek de marine ynskeakele. Marinedûkers sykje de haven no systematysk ôf. Om't der kwealik sicht is ûnder wetter wurdt dat op de taast en mei sonar dien. De haven is ôfsletten. Boaten meie der net út of yn. Famyljeleden fan Heinen ha by de syktocht yn de haven west.

"We helje alles út de kast om dizze man te finen," seit plysjewurdfierder Anne van der Meer. "It is behoarlike klus, de jachthaven is frij grut en der binne meardere skipshûzen. Tongersdei sille we wer sykje, dan mei speurhûnen en in sonarboat." Salang't de dûkers yn it wetter binne, bliuwt de jachthaven ôfsletten en kinne boatsjeminsken der net út.

(advertinsje)