Fryske ynbring op nasjonale deadebetinking op de Dam

De 17-jierrige Gytha te Nijenhuis út Surhústerfean draacht by de nasjonale deadebetinking har sels skreaune gedicht foar. Se wûn de finale fan 'Dichter bij 4 mei', in dichtwedstriid foar jongerein tusken de 14 en 19 jier. Se hat in kursus 'foardrage' fan dichter Tjitse Hofman krigen as tarieding.
It is de earste kear dat Gythe in gedicht skreaun hat. Dat se dy foardrage mei, hie se net ferwachte.
Skoalbern lizze blommen
Gytha is net de iennige Fries op de Dam yn Amsterdam. Ek 25 bern fan basisskoalle Loevestein fan De Gordyk ha freed in belangrike rol by de betinking. Mei 25 oare bern út Amsterdam lizze se blommen by it momumint. Se fine it in eare, mar ek wol spannend.
De klasse is útkeazen om't se meidien ha oan it projekt 'Oorlog in Mijn Buurt', dêrby prate bern mei minsken dy't de oarloch meimakke ha.