Keunstners moatte út âlde LTS-skoalle yn Ljouwert

02 maaie 2018 - 13:43

Tsientallen bewenners, wêrûnder in tal keunstners, fan it âlde LTS-gebou oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert moatte op syk nei in nij wenplak. Al in skoft wenje se anty-kreak yn it gebou dêr, mar der is besletten dat it gebou leech moat. Mids juny moat elkenien derút wêze, en dat wylst der ek keunstners yn sitte dy't drok dwaande binne mei projekten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Ien fan har is Wander Kars, lûdskeunstner. "It is dreech om yn Ljouwert wat te finen mei in soad romte en wat goedkeap is. Soks is der hast net." Hy hopet wol dat der wat komt.

It gebou wurdt sloopt en der komt in appartemintekompleks foar yn it plak.

(advertinsje)
(advertinsje)