Oude Willem mei wiet natuergebiet wurde

02 maaie 2018 - 11:54

Wetterskip Fryslân en Waterschap Drents Overijsselse Delta meie fan de lânbou-enklave Oude Willem in wiet natuergebiet meitsje. Dat hat de Ried fan Steat woansdeitemoarn sein. Oude Willem leit yn it Drents Friese Wold, op de grins fan Fryslân en Drinte. Bewenners en in blombollekweker hiene beswier oantekene tsjin it plan. Se binne bang dat se yn in moeras komme te wenjen en dat de kweek fan blombollen yn gefaar komt.

De Ried fan Steat hat dy beswieren ôfwiisd. De bewenners fan de Alde Willemswei krije in kade om harren hiem om foar te kommen dat se wiete fuotten krije. De kwekerij kin mei help fan drainaazje ôfwetterje, sadat de kweek net yn gefaar komt.

(advertinsje)