Cees Soepboer is al 40 jier boskwachter op Skiermûntseach

02 maaie 2018 - 12:30

It wie 40 jier lyn in lot út de lotterij foar boskwachter Cees Soepboer op Skiermûntseach. Hy wie boufakker, mar waard út 450 kandidaten keazen as nije boskwachter. En 40 jier letter is er dat noch altyd, by Natuermonuminten. Op it eilân steane se woansdei stil by dat bysûndere jubileum. Hy is hikke en tein op it eilân en hat fan syn hobby syn wurk makke. It moaiste plak fynt er it Willemsduin. "Daar is de dynamiek het grootst, met kleurschakeringen en nieuwe duinvorming."

Hy wurket noch fiif jier en hopet dat er noch in soad kennis oerdrage kin.

(advertinsje)