Jeugdfûns bringt kultuer yn it libben fan bern

Kultuer bringe yn it libben fan in bern is de missy fan it Jeugdfonds Sport & Cultuur. It fûns stipet dit jier yn gearwurking mei LF2018 in ferskaat oan kulturele projekten foar bern, lykas Stoereloer en Jij en de Lawei. It fûns helpt ek by sjong- of dûnslessen foar bern, net elke âlder kin dy lessen betelje. It is foar bern tusken de 4 en 18 jier. "We wolle bern de gelegenheid biede om mei keunst en kultuer yn de kunde te kommen," fertelt Ali de Jong fan it fûns. "Dat se bygelyks in muzykynstrumint spylje kinne of dûnsje en dat se net oan de kant steane."
Ien fan de bern dy't stipe krijt, is Sanna. Se is gek op dûnsjen, sjongen en aktearjen en giet no mei help nei de Telekids Musical skoalle. Har mem Anita Rondeel is dêr bliid mei. "Sanne is acht jaar en heel beweeglijk. De musicalschool is haar op het lijf geschreven, zo kan ze mooi haar eigen ding doen, zoals zingen, toneelspelen en dansen."