Stellen oldtimer mooglik sjoen yn Boalsert

02 maaie 2018 - 11:41

De stellen oldtimer fan de famylje Boon út Aldeberkeap is snein mooglik sjoen yn Boalsert. Hy ried yn de rjochting fan Warkum. De Packard Six út 1937 waard sneintemoarn fan it hiem stellen, wylst de famylje in pear dagen fuort wie. It giet om in klassiker wêrfan't der mar in hantsjefol omrydt yn Nederlân. Se ha de auto al fjouwer jier en de auto hat in soad emosjonele wearde. De auto kin neffens Boon net ferkocht wurde, sûnder op te fallen. Hy ropt minsken, dy't wat sjoen ha, op om harren te melden.

Trefwurden: 
oldtimer Aldeberkeap
(advertinsje)