Nij superjacht yn Makkum, slûs Koarnwertersân moat breder

02 maaie 2018 - 11:22

It breder meitsjen fan de slûs yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân is urgint wurden, no't De Vries Scheepsbouw yn Makkum in nije opdracht krigen hat foar de bou fan in Feadship-superjacht. Dat skriuwt deputearre Kielstra yn in brief oan de Twadde Keamer. Yn Makkum wurdt op dit stuit wurke oan in superjacht fan 110 meter lang, mar de werf hat yntusken in nije opdracht krigen foar de bou fan in noch grutter jacht. Om dat skip bouwe te kinnen, is it needsaaklik dat de slûs sa gau as mooglik breder makke wurdt.

Kielstra nûget leden fan de keamerkommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat út foar in bedriuwsbesite, sadat se sels sjen kinne dat in bredere slûs needsaaklik is. De noardlike provinsjes, ferskate gemeenten yn de regio en it bedriuwslibben binne al jierren oan it lobbyen foar in bredere slûs, mar krije net genôch jild byinoar om't it Ryk net genôch bydrage wol. It hiele projekt kostet 150 miljoen euro, de provinsjes Fryslân, Drinte, Oerisel en Flevolân ha in bydrage fan 60 miljoen euro tasein.

(advertinsje)
(advertinsje)