Trochsichtige kano's litte heldere wetter yn Potmarge sjen

02 maaie 2018 - 11:12

Wetterskip Fryslân hat de ôfrûne tiid bot ynset op it skjinner meitsjen fan it wetter yn de Ljouwerter Potmarge. De kwaliteit fan it wetter is bot ferbettere. It is folle helderder wurden. Op guon plakken kinst no wol mear as in meter djip it wetter yn sjen. Om dat te sjen leit in tal trochsichtige kano's by it stedsstrân fan Ljouwert.

Earder wie it wetter sa smoarch dat planten en bisten amper mear yn it wetter foarkamen, no binne tal fan soarten wer werom. It ôfrûne wykein wienen alle kano's al yn it wetter. Minsken kamen entûsjast fan har fartocht werom.

"Tweintich jier lyn wie it wetter yn Ljouwert sa smoarch datst fanwege de stank net op in terraske sitte koest simmerdeis. It rioelwetter kaam yn de grêften," fertelt Jeanet Bijleveld fan it wetterskip. No binne hast alle wetters yn Ljouwert skjinner.

Trefwurden: 
Potmarge Ljouwert wetter kano
(advertinsje)
(advertinsje)