Oarlochsferhalen: Jan Vellinga fan Frjentsjer

02 maaie 2018 - 14:45

Ferhalen fan minsken dy't de Twadde Wrâldoarloch meimakken, komme der hieltyd minder. Dochs binne se der noch. Faak binne it no jeugdoantinkens fan minsken dy't as bern of jongere de oarloch meimakken. Se binne no yn de tachtich of njoggentich jier en ha ferhalen fan mear as santich jier lyn. As se der oer prate, is it lykwols as wie it juster.

Reinskje Vellinga (93 jier) fertelt oer har broer Jan Vellinga fan Frjentsjer. It ferhaal kaam foar it ljocht nei't it 4 maaiekomitee yn de argiven dûkt wie.

Jan Vellinga wie in jongeman fan 22. Hy wenne by heit en mem yn Frjentsjer. Hy wie ien fan de njoggen bern. Heit Oepke Vellinga kape op in dei in beam oan de dyk om as brânhout te brûken en waard dêr foar oppakt. Letter waard heit werombrocht omdat de Dútsers him te âld fûnen. Jan moast foar heit yn it plak nei de finzenis. Ut Ljouwert wei waard Jan op transport nei Dútslân set. Hy kaam yn kamp Brockzetel. Dêr waard er tewurksteld. Jan en in maat fan him besochten op 2 april 1945 te ûntsnappen. De maat fan Jan waard lykwols oppakt. Jan net. Dochs besleat er ek om werom te gean. By it ynslûpen waard er yn it stikeltried trappearre. Hy waard werombrocht nei syn barak. Letter waard er der wer úthelle en moast er foardwaan fan de Dútske adjudant hoe't hy ûntsnapt wie. Op it momint dat er yn it stikeltried hong, skeat de adjudant him mei trije skotten troch de holle dea. As warskôging lieten se de deade Jan dagenlang yn it stikeltried hingje.

Oarloch is der altyd

De famylje wist neat oer Jan. Net earder as nei de oarloch krige de suster fan Jan fia oaren op de Breedeplaats yn Frjentsjer te hearren dat Jan deasketten wie. Jan wie troch syn kampmaten yn 'e grûn bedobbe. Nei de oarloch is it lichem werombrocht nei Frjentsjer en hat Jan op 11 july 1951 syn lêste rêstplak krigen op it Algemiene Begraafplak dêr.
Foar de suster fan Jan is it noch altyd as de dei fan juster. As se it ferhaal fertelt, rekket se altyd wer oandien. De oarloch is der altyd, alle dagen seit se.

Freedtejûn wurdt Jan Vellinga wiidweidich betocht yn by de betinking yn Frjentsjer yn de Martinitsjerke.

(advertinsje)
(advertinsje)