Skier krûpt nei it easten: is in grinskorreksje nedich?

Heart Skiermûntseach no by Fryslân, of by Grinslân? Al jierren is it waadeilân ynset fan toulûkerij tusken Friezen en Grinslanners. Ferskate Grinzer media berjochten de ôfrûne dagen oer in mooglike korreksje fan de provinsjale grins. De provinsje Fryslân wol dêr mei Grinslân oer prate, om't it eilân hieltyd wat mear nei it easten opskoot. En as it eilân hieltyd mear rjochting Grinslân krûpt, is de 'Fryske' status fan it eilân dan noch wol te ferantwurdzjen?
Skier troch jierren hinne (1950 - 2017), boarne: Kadaster, topotijdreis.nl
Sjoen nei de geografyske lizzing fan Skiermûntseach kin der eins gjin diskusje mooglik wêze en heart it eilân by Grinslân. Fierwei it grutste part fan it waadeilân leit op 'e hichte fan de Grinzers. Sterker noch, it meast eastlike puntsje fan it eilân leit hast boppe Pieterburen. Ek Lauwerseach, it plak dêr't de minsken op 'e boat nei Skier stappe, is offisjeel Grinslân.
Skiednis
As we werom yn de tiid gean, hat Skiermûntseach al sûnt lange tiid in konneksje mei Fryslân. De earst bekende bewenners fan it eilân wienen mûntsen, kommend fan it kleaster Claercamp by Rinsumageast. Fan de Reformaasje ôf kaam it eilân yn hannen fan de Fryske Steaten, mar yn 1638 waard Skier fanwegen jildtekoart ferkocht oan in rike famylje. Nei ôfrin fan de Twadde Wrâldoarloch kaam it eilân yn hannen fan de Nederlânske steat.
Flagge
De skiednis fan Skiermûntseach mei dan op 'e hân fan Fryslân wêze, de flagge is dat perfoarst net. Wannear't wy de Grinslanner flagge en dy fan Skier njonken inoar lizze, komme de kleuren folslein oerien. De flagge fan Grinslân befettet wol in krús, wylst dy fan Skiermûntseach allinne horizontale strepen hat. De Fryske flagge komt net yn de buert fan dy fan Skiermûntseach. Der binne al hielendal gjin pompeblêden te werkennen.
Hans Wiegel
Mar as sels de doetiidske kommissaris fan de Keninginne Hans Wiegel op it uterste punt fan de eastkant fan Skier in Fryske flagge delset hat, om sjen te litten dat it eilân dochs echt by Fryslân heart, dan kinne jo der net mear omhinne: Skiermûntseach is Fryslân.