Goed 1000 útfallers Slachte

18 jun 2012 - 15:12

Tusken de 1.000 en 1.500 minsken ha sneon de Slachte net rûn. Of se kamen hielendal net oan de start of se binne wilens de rûte útstapt. Dat seit de organisaasje. Fiif minsken moasten medysk behannele wurde, twa kuierders foar epilepsy-problemen, twa hienen hertklachten en ien wie op 'e holle fallen. Foar de rest wienen der saken as blierren en ferstûke ankels.

Al mei al binne 13.000 minsken oer de finish gien.

Trefwurden: 
Slachte
(advertinsje)