Dûkers fan de marine sille woansdei yn de haven fan de Frjentsjerter Wettersport Feriening fierder sykje nei de sûnt snein fermiste Dénis Heinen. De 26-jierrige Heinen út Soest ferdwûn yn de nacht fan sneon op snein nei in jûntsje stappen. Hy lei mei syn boat yn de haven oan de Frisia.
Sneintejûn waard de plysje ynskeakele. Dy siket sûnt dy tiid nei de fermiste man. By de syktocht is de haven ôfsletten, sadat de dûkers harren wurk feilich dwaan kinne.