Studinten meitsje film oer libje mei demintens

02 maaie 2018 - 09:38

Twa NHL-studinten meitsje dizze wike opnamen yn Fryslân foar in koarte dramafilm oer libje mei dementins. Joery Minnema en Jouke van Til produsearje mei in filmploech fan 17 man dizze film as ôfstudearopdracht foar de oplieding CMD (Communication & Multimedia Design).

De film 'Verlaten' giet oer in pear fan yn de fyftich, fan wa't de man demint wurdt. Se ha al opnamen makke yn fersoargingstehûs Keningsstate yn Frjentsjer, dêr't ek yn it echt minsken mei demintens fersoarge wurde. Woansdei steane opnamen op it strân fan Makkum en Koartehimmen op it programma.

Levende rouwverwerking

"Ik vind dit een belangrijk onderwerp, het komt ook in mijn eigen familie voor," fertelt skriptskriuwer en regisseur Jouke van Til. "Ik zie veel dementie om me heen, en ook dat het steeds meer op jongere leeftijd voorkomt. Ik ben vooral geboeid wat voor impact het heeft op relaties. Het is een soort levende rouwverwerking. Je neemt afscheid van iemand die er nog wel is. Hoe doe je dat, daar gaat onze film over."

De studinten ha har goed taret. "We hebben veel onderzoek gedaan, literatuur gelezen en dementerenden mogen observeren. Bij het schrijven van het scenario kreeg ik feedback uit het werkveld, vanuit de zorg en ook de film. Bij de observatie was ik enorm geraakt door de leegte die je ziet. Je voelt je er bijna ongemakkelijk bij. Je verwacht een reactie, een emotie, maar die krijg je niet, het sociale aspect gaat weg. Oude mensen weten hun eigen verhaal niet meer." 

NFF

De studinten sille de film ynstjoere nei it Noordelijk Film Festival. "Daar stond ik vorig jaar ook met een film, maar nu willen we ook meedoen aan andere competities."

(advertinsje)
(advertinsje)