Teäterkafee De Oosthoek yn Sint-Jabik slút de doarren

02 maaie 2018 - 09:03

Teäterkafee De Oosthoek yn Sint-Jabik slút de doarren. De eigeners sizze dat dat komt troch Kulturele Haadstêd. Der wurde dit jier safolle foarstellingen yn de omkriten hâlden, dat minsken net langer nei it lytsskalige teäterkafee oan de Aldebiltdyk komme. It kafee mist dêrtroch ynkomsten.

De eigeners neame it spitich dat se de doarren slute moatte. De foarstellingen dy't al boekt wiene, wurde skrast en komme ek net werom. Yn it ferline wiene der optredens fan Maarten van Rossem, Gerrit Breteler, Hans Dorrestijn en JW Roy & Band.

(advertinsje)