Dronken en sliepe op de fyts

02 maaie 2018 - 07:53

In 19-jierrige fytser út Ljouwert hie yn de nacht fan tiisdei op woansdei safolle drank op, dat hy lizzend op syn fyts yn sliep foel. In motorplysje fûn de jonge lizzend op it Saailân. Neffens de plysje wie de jonge op 29 april ek al oantroffen mei tefolle drank op. Hy is tegearre mei in maat nei hûs ta stjoerd.

Trefwurden: 
plysje dronken Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)