Moai begjin SC Cambuur yn neikompetysje tsjin Dordrecht

02 maaie 2018 - 06:33

Cambuur hie tiisdeitejûn yn Dordrecht tsjin de pleatslike FC in poerbêst begjin fan de neikompetysje. De Ljouwerters stapten mei in 4-1 oerwinning fan it fjild. De goals fan Cambuur kamen fan Daniel Crowley yn de earste helte en Justin Mathieu en Martijn Barto (2x) yn it twadde bedriuw. Sneontejûn spylje beide ploegen wer tsjininoar, dan yn Ljouwert. Fierder komme yn de play-offs mei no net mear mislearje.

Moai resultaat

Dat fynt ek trainer René Hake. "We hebben een goede uitgangspositie. Wanneer je zo ruim wint is dat helemaal geweldig. Met dit resultaat op zak moet het natuurlijk zo zijn dat wij de volgende ronde halen."

Martijn Barto stapte ek mei in goed gefoel yn de bus foar de weromreis. "We moeten zaterdag weer iets positiefs neerzetten, daar kunnen de supporters ons bij helpen. Dat kan net datgene zijn wat wij nodig hebben."

Noch fiif kear spylje

De makker fan de twadde Ljouwerter goal, Justin Mathieu, wol nei de sânde winstpartij op rige noch fiif kear yn aksje komme. "Er zijn niet veel mensen die bij de winterstop dit van ons hadden verwacht, maar we zijn nog lang niet klaar.

Trainer René Hake fynt dat it noch better kin mei syn ploech: "Het balbezit, de keuzes, dat we de bal zo in de voeten spelen bij spelers van Dordrecht. Dat mag ons niet gebeuren met onze kwaliteiten."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)