Twa jier easke foar ûntucht

18 jun 2012 - 15:05

Tsjin in Ljouwerter (44) dy't fertocht wurdt fan ûntucht mei syn buorfamke (7) is twa jier sel easke. In healjier derfan is ûnder betingst. De saak kaam yn maart nei bûten en makke in soad los. De man wie swimlearaar yn Frjentsjer en wurke yn Ljouwert as oppas op skoalle. Mar dêr hat gjin misbrûk plakfûn. Neffens it Iepenbier Ministearje hat by it buorfamke sprake west fan seksueel misbrûk. De fertochte ûntkent dat lykwols, mar hat bekend dat er ûntuchtlike hannelings dien hat.

It IM wol dat de man behannele wurdt om foar te kommen dat it wer bart. De fertochte wol dat ek. Hy seit dat er spyt hat en begrypt net wêrom't er dit dien hat.

Trefwurden: 
justysje
(advertinsje)
(advertinsje)