A32 ôfset fanwege fetten op de dyk

01 maaie 2018 - 23:01

De sneldyk A32 fan Ljouwert yn de rjochting fan It Hearrenfean hat tiisdeitejûn in skoft ôfsletten west. De dyk moast skjinmakke wurde nei't in foertúch fetten mei in bitende brânbere floeistof ferlern wie.

It giet om de stof formaldehyde. De measten fetten wiene leech. Yn ien siet noch in bytsje fan de stof. Dat is op de dyk bedarre, wêrnei't it troch de brânwacht opromme is.

Trefwurden: 
A32
(advertinsje)