Aris ferliest earste wedstriid play-offs krap fan ZZ Leiden

01 maaie 2018 - 22:56

Aris Ljouwert hat de earste wedstriid yn de play-offs krap ferlern fan Zorg en Zekerheid Leiden mei 85-77. Leiden wie favoryt mei de tredde posysje yn de einstân fan de earedifyzje. Aris waard sechsde. 

Goed út de startblokken

Aris kaam goed út de startblokken yn Leiden. Nei 3,5 minuten spyljen wie it 5-12. Mei noch goed twa minuten te gean yn it earste kwart stie it gelyk: 17-17, mar Leiden kaam sterker werom, en dat soarge derfoar dat de ploegen it earste kwart einigen mei 27-23 op it skoareboerd. Dat nei in buzzer beater fan Leiden.

Leiden hâldt foarsprong

Yn it twadde kwart gie it lyk op, mar Leiden hâlde de foarsprong. Mei de rêst stie it 50-42. De spilers leauden noch yn in oerwinning. As se goed rebounden, wiene se seker net kânsleas. 

It tredde kwart einige wer mei in buzzer beater foar Leiden: 71-61. It fjirde kwart wie hiel spannend. Mei noch goed oardel minút op de klok stie it 75-73. Dêrnei hie Aris in soad balferlies en rûnen de Ljouwerters efter de feiten oan, wêrtroch't de wedstriid einige yn 85-77.

Twadde play-offwestriid

De twadde play-offwedstriid is tongersdei by Aris thús yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Aris ZZ Leiden basketbal
(advertinsje)