Fryske dixi-koeser oerspield mei presintsjes

01 maaie 2018 - 22:55

De Fries dy't mei Keningsnacht yn Grins op in mobyl húske yn 'e sliep fallen wie en fuorttakele waard, hat fan it skjinmakbedriuw eksuzen, in skjinmakpakket én in wekker krige. Dat meldt RTV Noord. It skjinmakbedriuw hie de húskes op in frachtwein laden sûnder te kontrolearjen oft se allegear wol leech wienen.

De sliepende stapper kaam nei in telefoantsje mei de plysje lang om let frij. Nijsmedia út it hiele lân woenen in petear mei de jonge oer syn aventoer, mar sels jout er oan fierder bûten alle belangstelling te bliuwen.

Trefwurden: 
dixi Keningsnacht Grins plysje
(advertinsje)
(advertinsje)