Cambuur mei ien skonk yn folgjende ronde play-offs

01 maaie 2018 - 22:36

De earste wedstriid yn de play-offs foar promoasje nei de earedifyzje yn Dordrecht tsjin FC Dordrecht is wûn troch Cambuur mei 4-1.

Feninich punterke

Yn de earste helte skoarde Daniël Crowley yn de tweintichste minút mei in feninich punterke nei skerp yngripen fan Van Deelen foar Cambuur. Nei in healoere spyljen wie der noch neat feroare oan de 0-1. Der wienen wat kânskes hinne en wer, mar de bal bedarre net tusken de peallen. Dordrecht socht nei de lykmakker. Cambuur liet sa no en dan wol wat stekjes falle. Sa hie Dordrechtspiler Mahmudov alle tiid om goed oan te lizzen yn de 42e minút, mar dochs stifte er de bal njonken.

Cambuur op roazen

De twadde helte begûn moai foar Cambuur. Neidat Dordrecht de spierballen sjen litten hie yn de earste sekonden, sette Cambuur it om, en skoarde Cambuurspiler Justin Mathieu de 0-2 nei in foartreflike stekpass fan Crowley. 

Spanning werom

Julius Bliek fan Dordrecht skoarde yn de 64e minút tsjin de ferhâlding fan de wedstriid yn út in moaie frije traap fan Mahmudov. De treffer soarge dêrfoar dat der wer in wedstriid wie. Dordrecht socht nei de lykmakker. Cambuurkeeper Erik Cummins foarkaam yn de 67e minút mei in spektakulêre rêding de lykmakker.

Dordrecht ferslein

De Ljouwerters sloegen de opstân fan Dordrecht del mei in poerbêste treffer fan Martijn Barto yn de 71e minút. Dy 3-1 kaam hurd oan by de Dordrechtenaren. Martijn Barto makke de wedstriid ôf yn de 84e minút mei noch in doelpunt (4-1). Dordrecht krige sa dochs noch in pak op 'e bealch. De Ljouwerters wienen de rest fan de wedstriid hear en master.

Twadde wedstriid

Op 5 maaie is de twadde wedstriid yn de play-offs. Dat is dan de thúswedstriid yn Ljouwert.

(advertinsje)