Keamerfragen oer stimrjocht ûnder 18 by Steateferkiezingen

01 maaie 2018 - 22:33

Twadde Keamerleden fan D66 en GrienLinks hawwe skriftlike fragen steld oan minister Ollongren fan Ynlânske Saken om jongerein fan 16 en 17 jier ek stimrjocht te jaan. De provinsjes Fryslân en Seelân diene koartlyn it fersyk om as proef ek jongeren tusken de 16 en 18 kâns te jaan om te stimmen by de Steateferkiezingen yn 2019. De Keamerleden wolle witte oft de minister posityf tsjin dat foarstel oer stiet en oft der grûnwetlike romte is om soks yn te fieren. Ek wolle se witte hokker kritearia de minister dêr oan ferbine sil.

(advertinsje)
(advertinsje)