Kuier- en fytsrûtes mei tema 'oarloch en ferset yn Ljouwert'

01 maaie 2018 - 22:26

Yn Ljouwert is in boek mei kuier- en fytsrûtes presintearre oer de oarloch en it ferset yn de stêd. De rûte giet by lokaasjes del dêr't Joadske húshâldingen fuorthelle binne of dêr't in bombardemint wie. It boek is ûnderdiel fan in searje oer stedskuiers yn de Ljouwert.

Ek wurdt stilstien by lytse fersetsdieden dy't grutte konsekwinsjes hiene. Sa waard der yn 1942 yn it Vossenpark in boerd pleatst mei dêrop de tekst dat it park ferbean wie foar Joaden. Nachts is it troch ûnbekenden derwei helle. De represailles wiene hurd: tsien joaden binne fuortendaliks op transport set nei Kamp Amersfoort en net weromkaam.

Op 5 maaie wurdt it boek oanbean oan premier Rutte. Dy is dan yn Ljouwert yn ferbân mei de lanlike iepening fan 5 maaie.

Trefwurden: 
oarloch Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)