Pinautomaat fernield en balyrút grinswikselkantoar beflybke

01 maaie 2018 - 21:24

In 24-jierrige frou hat tiisdeitemiddei op it Stasjonsplein fan Ljouwert foar opskuor soarge. Se fernielde in pinautomaat. Fierders flybke se op it rút fan de baly yn it grinswikselkantoar en bedrige se it personiel dêr. De plysje hat de frou oanhâlden.

(advertinsje)