Famylje fermiste Dénis Heinen hinget flyers op yn Frjentsjer

01 maaie 2018 - 20:08

De famylje fan de fermiste Dénis Heinen út Soest hat tiisdeitemiddei flyers ophongen yn Frjentsjer. De 26-jierrige jonge wurdt sûnt de nacht fan sneon op snein, nei in jûntsje stappen, fermist. Hy waard om 2 oere nachts foar it lêst sjoen yn de jachthaven oan de Frisia. Dêr ferbleau er mei freonen op de sylboat Merlijn.

De plysje hat oant tiisdeitejûn sân oere socht nei de jonge, mar him net fûn. It sykjen giet woansdei fierder.

(advertinsje)