Fakbûn sjocht tefreden werom op staking iepenbier ferfier

Fakbûn CNV sjocht tefreden werom op de staking fan twa dagen yn it Fryske streekferfier. Neffens Jan Kampherbeek fan it CNV hat de staking goed holpen om oandacht te krijen foar de hege wurkdruk dêr't de bussjauffeurs lêst fan hawwe. De skema's fan de bussjauffeurs binne bytiden sa strak, dat skoftsje of nei it húske gean der by yn sjit. "Sjauffeurs fertelle my dat se op guon mominten net nei it húske gean, omdat se dan minsken langer wachtsje litte moatte. Dat is fansels te gek", seit Kampherbeek.
Yn it ramt fan de cao-ûnderhannelingen easkje de fakbûnen dat de sjauffeurs op syn minst ien kear yn de twa oeren de gelegenheid krije om nei it húske te gean. Fakbûn CNV hopet dat de staking fan twa dagen liedt ta beweging yn de ûnderhannelingen tusken fakbûnen en wurkjouwers. "Wy stake net om te staken. It giet ús om in goede kollektive arbeidsoerienkomst mei omtinken foar lean en foar de hege wurkdruk fan de sjauffeurs."
Kampherbeek fertelt dat it earder net ûngebrûklik wie dat der by de grutte busstasjons in ekstra bus mei sjauffeur klear stie om by te springen by grutte fertragingen of ekstra drokte. Dy ekstra bus soe in goede oplossing wêze kinne, mar is der neffens syn ynformaasje al lang net mear.
"Stipe kin ferminderje by nije stakingsaksjes"
It CNV is bliid ferrast dat der by it publyk wol begrip liket te wêzen foar de aksjes, mar hâldt der rekken mei dat dy stipe wolris ôfnimme kin by nije aksjes. De oerlêst foel fan 'e wike yn ferhâlding ta, omdat der staakt waard yn de maaiefakânsje. It oanbod oan busreizgers is dan in stik lytser.
Fakbûn CNV beskôget de staking fan twa dagen as 'in grut sukses'. Yn Fryslân rieden allinnich de bussen op de Waadeilannen. Kampherbeek hat dêr gjin muoite mei fanwege de spesifike situaasje op de eilannen. "Wy binne der net op út om toeristen te pleagjen. Boppedat spylje de problemen mei wurkdruk en pispauzes folle minder op de eilannen, omdat de rûtes dêr folle koarter binne."
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva woe tiisdei net mei Omrop Fryslân weromsjen op twa dagen staking yn bus- en treinferfier. De wurkjouwers yn it streekferfier hawwe ôfpraat dat foarearst allinnich harren foarsitter mei de media praat. Hettinga liet earder al witte dat de staking syn bedriuw op syn minst ien miljoen euro deis kostet. De problemen mei de pispauzes binne neffens Hettinga 'oplosber'.