Boulân te wiet, ierappels en sied kin de grûn net yn

01 maaie 2018 - 18:23

Bouboeren kinne net it lân op fanwege it wiete waar Dat is lestich foar harren, want dit is krekt de tiid fan it jier dat der siedde wurde moat. In soad bouboeren binne troch al it reinwetter fan de lêste tiid achterop rekke mei it setten fan ierappels en al it oare wurk dat dien wurde moat. Neffens bouboerinne Tineke de Vries fan LTO-Noard kin it noch wol goed komme mei it seizoen, mar wurdt it no wol saak dat der gau waarm en drûch waar komt. De boeren hawwe wol in pear dagen himmel waar nedich foardat se wer mei har swiere masines it lân op kinne.

Op it bedriuw fan De Vries en har man by Hallum moat noch twatredde fan de setierappels de grûn yn. De setters moatte de grûn yn as se begjinne te sprútsjen. Soks kin wol in deimannich útsteld wurde, mar net wikenlang. "Ut is ferfelend, want je wille deur. Maar ut is nyt dramatys", seit boerinne Tineke de Vries.

It is neffens De Vries al jierren lyn dat de bouboeren sa let wiene yn 'e maitiid. Dat wol net sizze dat it net in goed seizoen wurde kin, mar it betsjut wol ekstra wurk en ekstra soarch. De Vries hat de yndruk dat de skea yn Fryslân noch wol wat tafalt. Op guon oare plakken yn Nederlân, lykas de Súd-Hollânske eilannen, is op guon plakken folle mear reinwetter fallen as by ús.

Trefwurden: 
bougrûn rein
(advertinsje)