Online argyf HCL giet foar in grut part offline

In grut part fan it online argyf fan it Historisch Centrum Leeuwarden, it HCL, giet op swart. It giet om foto's út de byldbank fan nei 1900. It streekargyf Noardeast Fryslân docht itselde. Reden is in ferlerne rjochtsaak oer auteursrjochten fan Erfgoed Leiden. Dat argyf moat 12.500 euro proseskosten betelje oan neibesteanden fan de makker fan foto's dy't stean op aansichtkaarten. Boppedat moat de foto 75 euro betelle wurde. It giet om 25 foto's. It wie net bekend wa't de foto's op de aansichtkaarten makke hie.
In soad argiven en histoaryske ferieningen hawwe ditselde soart kaarten en oare foto's online. Ynstellingen lykas it HCL dogge har bêst út te finen wa't de makker is. Der wurde dan ôfspraken makke oer publikaasje. By âlde kaarten of foto's is dat faak net te dwaan, mar binne de foto's wol fan wearde foar it kultureel erfgoed.
Heger berop
Erfgoed Leiden is yntusken yn heger berop gien tsjin de útspraak. It HCL yn Ljouwert giet dêr yn mei. It Ljouwerter argyf hat ek aansichtkaarten online stean en hat ek in claim fan de neibesteanden krigen. Rienk Jonker fan it HCL seit dat se yn it ferline de útjouwers trije kear oanskreaun ha mei fragen oer auteursrjochten. Se krigen lykwols gjin antwurd.
Tresoar
Frysk Histoarysk en Letterkundich sintrum Tresoar folget de rjochtsaak op 'e foet. Sy binne noch net fan doel it byldargyf op swart te setten. Annemieke Nijdam: ''Bij onze foto's staat vrij goed aangegeven wat de mogelijkheden zijn. Wij zien voorlopig nog geen problemen." Dochs meitsje ek sy har al soargen oer in negative útspraak. "Het zou betekenen dat mensen alleen hier bij ons in de zaal onder bepaalde voorwaarden het beeldarchief mogen bekijken. Je moet je afvragen of dat wenselijk is", seit Nijdam.
Sy en Jonker pleitsje foar in oanpassing fan de auteurswet. Sa soe der krekt lykas yn de Feriene Steaten in útsûndering komme moatte foar foto's mei histoaryske wearde. "Dat is ook goed voor de maker. Anders ziet niemand die foto en dat is ook jammer", sa seit Rienk Jonker.
Ek foar partikulieren
Annemmieke Nijdam warskôget dat net allinnich de argiven lêst hawwe fan dizze útspraak fan de rjochter. "Particulieren die dit soort kaarten online hebben staan, zitten met hetzelfde probleem. Historische verenigingen idem. Kijk eens rond op Facebook. Ook zij kunnen een claim krijgen." It is noch net dúdlik wannear't it heger berop tsjinnet. Oant der in útspraak is, bliuwt it argyf fan it HCL yn alle gefallen op swart.