Koatstertilster krijt wurkstraf foar searje ynbraken

01 maaie 2018 - 17:13

In man út Koatstertille hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen fanwegen tsien ynbraken by bedriuwen, yn Surhústerfean, Bûtenpost en De Harkema. Hy wurdt ek straft fanwegen drugsbesit en falsk jild. De man wie ferslave oan speed, doe't er op ynbrekkerspaad gie. De man hat alle ynbraken bekend, útsein ien by in boubedriuw op De Harkema.

Guod dat dêr stellen waard, is wol by him thús fûn. De fertochte seit dat er dat op Marktplaats kocht hat. Dêrom waard er ek noch feroardiele foar heling.

(advertinsje)
(advertinsje)