Lange wachtrigen foar Escher-útstalling Fries Museum

01 maaie 2018 - 17:11

Besikers fan de Escher-tentoanstelling yn it Fries Museum moasten tiisdei lang wachtsje foar de kassa's. Wachttiden foar in kaartsje rûnen op oant oardel oere. It Fries Museum riedt oan om online kaartsjes te bestellen. Mar ek de minsken dy't dat dien hiene, stiene noch lang yn de rige. It ferrifele guon besikers dat it sa lang duorre. Dêr kamen ek klachten oer.

By de Alma Tadema-eksposysje koene besikers mei in online-ticket of in museumjierkaart by in aparte baly ynchecke. Dat wurke no net yn ferbân mei de beheinde beskikberheid fan de audiotours. Dêr wurdt oan wurke.

It Fries Museum is wiis mei de grutte belangstelling. Se nimme wol maatregels om de besikersstream yn goede banen te lieden. Sa hawwe se begelieders ynset en minsken gean der yn groepen yn. Se sille noch besjen oft se it museum ek op moandei iepen dogge.

Trefwurden: 
Escher Fries Museum LF2018
(advertinsje)
(advertinsje)