Fergees massearje yn Harns

18 jun 2012 - 13:43

Dielnimmers oan de Slachtemaraton kinne har moandei fergees massearje litte yn Harns. Der wurdt wolris sein dat twa dagen nei in ynspanning de spierpine it slimst is. Yn in fysiopraktyk yn Harns kinne de kuierders har op fertoan fan it Slachteboekje mei de trije stikkers ûnder hannen nimme litte.

Trefwurden: 
Slachte
(advertinsje)