Wurksumheden: A6 by De Lemmer de kommende nachten ôfsletten

© Google Streetview
De A6 by De Lemmer yn de rjochting fan Almere is de kommende nachten ôfsletten. It giet om it stik tusken De Lemmer en knooppunt Emmeloord. Rykswettersteat ferfangt op dat stik dyk it asfalt.
Der binne ek in pear op- en ôfritten ticht. Minsken moatte rekken hâlde mei omliedingen, dêrtroch kin de fertraging oprinne ta in kertier. It wurk duorret oant freed.