Aris ek takom seizoen ynskreaun foar earedifyzjebasketbal

© www.orange-pictures.nl
De Ljouwerter basketbalklup Aris sil ek it kommende seizoen wer meidwaan oan de Nederlânske earedifyzje. It bestjoer fan Aris hat him ynskreaun foar it seizoen 2018-2019. It is foar de Ljouwerters wol wat in gok: der is eins noch gjin sicht op it budzjet foar takom jier, om't in protte sponsorkontrakten ôfrinne. De organisaasje fan de Nederlânske basketbalkompetysje hat de datum foar ynskriuwing lykwols twa moannen nei foaren helle.
Tiisdeitejûn spilet Aris de earste wedstriid yn de play-offs, út tsjin Leiden. Tongersdei is dan de return, yn it Kealledykje yn Ljouwert.