Twa jier selstraf foar seksueel misbrûk meiwurkster opera

01 maaie 2018 - 15:44

In orkestlid fan Opera Spangea hat in jier sel krigen omdat er in minderjierrige meiwurkster fan de opera seksueel misbrûkt hat. De man út Ljouwert hat it 16-jierrich famke twa jier lyn nei de lêste opfiering dronken fierd en misbrûkt yn har caravan.

De fertochte ûntkent, mar de rjochter giet mei yn de ferklearring fan it slachtoffer. De man is muzykdosint en rekket nei alle gedachten syn baan kwyt. Hy moat it famke ek hast seistûzen euro skeafergoeding betelje.

(advertinsje)