Friezen meitsje har net sa drok oer wetteroerlêst

07 maaie 2018 - 07:01

Friezen meitsje har oer it algemien net sa drok oer wetteroerlêst nei flinke reinbuien. Dat docht bliken út ûndersyk fan Omrop Fryslân, yn gearwurking mei de NOS.

Fan de Fryske respondinten ûnderfynt krekt wat mear as de helte de oerlêst sa no en dan as earnstich. It grutste part fan de Friezen seit lykwols nea mei wetteroerlêst te krijen te hawwen. As der dan wol in soad rein falt, giet it benammen oer strjitten dy't ûnder wetter stean.

Minsken út de gemeente Ljouwert makken relatyf sjoen it meast melding fan wetteroerlêst. Ek yn Súdwest-Fryslân en de nije gemeente Waadhoeke waard oerlêst as gefolch fan reinwetter melden. De measte respondinten fine wol dat de gemeente mear ynvestearje moat yn it rioel. Se wolle lykwols net ekstra bydrage yn de foarm fan in hegere rioelheffing.

Wetterskip

Wetterskip Fryslân is al langer dwaande om Fryslân ta te rieden op de klimaatferoarings dy't deroan komme. Benammen ek om't hoosbuien minder goed ferwurke wurde kinne troch it hjoeddeistige systeem, sa sjocht ek dykgraaf Paul van Erkelens: "Ons watersysteem is uitstekend geschikt om een behoorlijke hoeveelheid regen op te vangen en af te voeren. Maar een hoosbui is een enorme hoeveel regen op een kleine plek." It is dreech om op soksoarte sitewaasjes te antisipearjen, en dêrom is it Wetterskip drok dwaande om yn kaart te bringen hoe't Fryslân der op dit stuit foar stiet.

"Met alle gemeentes samen in Fryslân zijn we stresstesten aan het maken," sa fertelt Van Erkelens. "Met 3D-systemen modelleren we waar de buien eventueel overlast kunnen veroorzaken, en waar deze overlast door wordt veroorzaakt. Deze overlast kan bijvoorbeeld zijn dat tuintjes blank komen te staan, of dat het water op straat blijft staan." Op basis fan dizze gegevens kin der sjoen wurde nei eventuele oplossingen. Neffens Van Erkelens moatte minsken lykwols wol witte dat net alle oplossingen fanút it Wetterskip dien wurde kinne. In soad oplossingen moatte socht wurde by de gemeente, by boeren, mar ek by de minsken sels. Minder tegels en mear planten is in goed begjin, sa fynt Van Erkelens.

(advertinsje)
(advertinsje)