Oldtimer út 1937 stellen: ''Mar in pear fan yn Nederlân''

01 maaie 2018 - 15:08

De oldtimer fan de famylje Boon út Aldeberkeap is ôfrûne wykein stellen. De famylje wie in wykeintsje fuort, doe't de Packard Six út 1937 fan it hiem stellen waard. It giet om in klassiker, wêrfan't mar in pear eksimplaren yn Nederlân omride. Se hienen de auto fjouwer jier en de auto hat in soad emosjonele wearde. De famylje mocht der graach mei te toeren. Se binne dan ek bot teloarsteld oer de stellerij, seit Johnnie Boon.

De bern efteryn

''Der bern sieten efteryn de auto altyd te blierkjen'', fertelt Boon. ''It is hiel spitich. Wy pakten de auto altyd graach as it moai waar wie, efkes lekker te toeren. Elkenien seach dy dan moai troch it doarp riden.''

De auto kin neffens him net ferkocht wurde sûnder op te fallen. Hy ropt minsken, dy't wat sjoen hawwe, op om har te melden.

(advertinsje)