GGZ: pasjint faker thús helpe

18 jun 2012 - 12:56

GGZ Fryslân kin him fine yn it akkoart dat minister Schippers fan Folkssûnens sletten hat mei de sektor. Yn it akkoart is ôfpraat dat pasjinten mei geastlike problemen tenei faker thús behannele wurde. Oer 8 jier moat it tal bêden yn ynstellings in tredde minder wêze as yn 2008.

By GGZ Fryslân is de omslach al folle earder makke, om pasjinten bygelyks allinnich oerdei yn de klinyk te behanneljen. Fan de 235 bêden binne yn in koart skoft tiid al 95 ynlevere.

Trefwurden: 
GGZ
(advertinsje)