Wurkgroep ‘Klein wonen in Berltsum' wol meast duorsume hofke

01 maaie 2018 - 12:07

Yn Berltsum moat in duorsum hofke komme spesjaal foar âlderein. De wurkgroep "Klein wonen in Berltsum' wol dat hofke op it pak fan de eardere basisskoalle Lyts Libben ha. It inisjatyf is ûntstien nei in gearkomste oer Tiny Houses, ferline jier yn Berltsum. Dêr wie in soad belangstelling foar, ûnder oare ek fan in soad âlderen.

De gemeente reagearret posityf. Sadwaande ha de inisjatyfnimmers goede hoop dat it fan de grûn komt. Ein maaie is der in ynformaasjebyienkomst.

Trefwurden: 
hofke Berltsum
(advertinsje)
(advertinsje)