Oarlochsferhalen: Cilia Huitema by Burchwert

01 maaie 2018 - 12:30

Ferhalen fan minsken dy't de Twadde Wrâldoarloch meimakken, komme der hieltyd minder. Dochs binne se der noch. Faak binne it no jeugdoantinkens fan minsken dy't as bern of jongere de oarloch meimakken. Se binne no yn de tachtich of njoggentich jier en ha ferhalen fan mear as santich jier lyn. As se der oer prate, is it lykwols as wie it juster.

Cilia Huitema-van der Werf wie noch gjin tsien jier. De pleats Djiplân lei by Burchwert ferskûle. Fier yn it lân ferstoppe. It wie in kommen en gean fan ûnderdûkers. Sa ek de heit fan Baudien Huisman. Hy siet fan 1944 oant de befrijing op Djiplân ûnderdûkt. En hy wie net de iennige. Bytiden wienen der mear as tsien minsken dy't in feilich plak fûnen by de mem fan Cilia en har omke Hannes.

Nea ûntdutsen

De ûnderdûkers wurken mei op de pleats en binne nea ûntdutsen. Cilia wie in famke fan tusken de seis en tsien jier doe't de oarloch wie. Se wenne mei har mem en trije bruorren tusken de ûnderdûkers. Alle moarnen as se nei skoalle moasten, waard harren troch mem op it hert drukt om neat oan oaren te fertellen. Yn de oarloch hie se der noch net safolle lêst fan, it wie sa't it wie. Letter krige se der wol wat oare gedachten by. Hie dat no sa moatten, is har fraach.

Net mear oer praat

It wie somtiden tefolle, sa fynt se no. En ek de druk fielde se efterôf as bern wol. Mar mei har mem hat se it der nei de oarloch nea wer oer hân. Har mem woe der net mear oer prate. It wie gewoan har plicht en dêrmei wie it dien. Mem en omke Hannes hawwe letter wol in ûnderskieding krigen foar harren ûnderdûkerswurk, mar ek dat hie om mem Huitema net hoegd. As Cilia sels foar de kar soe komme te stean, wit se net wat se sels dwaan soe. "Dat kinne je pas beslisse as je derfoar stean."

Mear ferhalen oer de oarloch fine jo hjir.

(advertinsje)