Aris krekt ûnderút yn Nijmegen

03 nov 2011 - 08:00

De basketballers fan Lasaulec Aris koene it woansdei krekt net oprêde yn en tsjin Nijmegen. De Ljouwerters ferlearen mei 91-89 fan de nûmer twa fan de kompetysje. De wedstriid gie bot lykop en nei it tredde kwart stie Aris noch foar mei 67-64. Yn it lêste kwart makke Nijmegen fiif punten mear as Aris en pakte dêrmei de winst. Bêste skutters oan Ljouwerter kant wiene Manny Adako en Lance Jeter. Beide spilers makken 16 punten. Aris stiet no 6e yn de kompetysje.

(advertinsje)