Trochrider socht: frou op elektryske fyts rydt jonkje oan

30 apr 2018 - 22:19

De plysje op De Jouwer siket de bestjoerster fan in elektryske fyts dy't trochriden is nei in ûngelok. De frou ried middeis op Keningsdei in jonkje oan op de krusing fan de Midstrjitte en de Hurddraverswei. It jonkje waard op it stuit fan de oanriding troch in ferkearsregeler holpen by it oerstekken fan it krúspunt.

De frou bleau net stean foar it oerstekkende jonkje en botste op him. Hy rekke dêrby ferwûne oan it gesicht en oan de rêch. De plysje ropt de frou op har te melden.

(advertinsje)