Twadde stakingdei: bussen en treinen fan Arriva ride wer net

01 maaie 2018 - 06:03

It iepenbier ferfier op in soad plakken fan de provinsje leit tiisdei ek plat. Lykas moandei wurdt tiisdei ek staakt troch personiel fan ferfierder Arriva. Dat betsjut dat bussen en treinen fan Arriva net ride. Allinnich op de Waadeilannen giet it wol troch. De sjauffeurs wolle in bettere CAO en in legere wurkdruk.

Arriva advisearret reizgers tiisdei ek foar oar ferfier te soargjen en njonken de webside fan de ferfierder, ek de sosjale media goed yn de gaten te hâlden foar it lêste nijs oer de staking.


 

Trefwurden: 
Arriva staking
(advertinsje)
(advertinsje)