CDA Dantumadiel djip teloarsteld oer kolleezjefoarming

De teloarstelling by it CDA yn Dantumadiel sit djip. De partij sil net meidwaan yn in nij kolleezje. De eask fan de ChristenUnie om in foltiid-wethâlder te leverjen wie it brekpunt. Neffens it CDA is dat net nedich en ek te djoer.
It CDA bleau by de lêste ferkiezingen de grutste partij, wûn sels stimmen. Mar de partij is by de formaasje fan in nij kolleezje dochs bûtenspul set. CDA-fraksjefoarsitter Jan Jitse Visser toande him moandei yn telefyzjeprogramma It Polytburo nidich op de ChristenUnie. Dy partij sette it CDA pas let yn de ûnderhannelingen oan 'e kant.
De ChristenUnie fûn dat it CDA him te dominant opstelde. Gefolch is dat it CDA foar it earst yn fjirtich jier net yn it deistich bestjoer fan Dantumadiel sit.