Syktocht nei fermiste Dénis hat noch neat opsmiten

© Postema Media
De syktocht yn Frjentsjer nei de fermiste Dénis Heinen út Soest hat oant no ta noch neat opsmiten. De man wurdt sûnt sneintemoarn fermist. Hy wie mei in pear freonen mei de boat yn Frjentsjer en is neffens syn suster nachts fan bêd ôfgien. Sûnt dy tiid is neat mear fan him fernaam.
De famylje fan Dénis hat foto's nei bûten brocht, sadat minsken sjen kinne om wa't it giet. Syn heit en mem binne op dit stuit yn Frjentsjer.
De plysje hat moandei yn it wetter fan de haven socht, mar dat hat neat opsmiten.